Jenny Terpstra, 3 x kear keatse, 2 x ferlieze, 1 x winne en dochs de 1e priis!!!
Snein 8 maaie keatsten de pupillefamkes mei prachtich moai waar in t.i.l. wedstriid yn Wommels.
Yn de A klasse keatsten fanút Mantgum Amarins de Groot en Jennie Terpstra mei.
Der stienen 4 partoeren op de list dy’t tige oan elkoar weage wienen.
Elts partoer moast trije kear keatse en oan ’e ein fan de rit binne der 3 partoeren dy’t 16 earsten behelle hawwe. It partoer fan Jenny Terpstra en Pytrick Zijlstra Folsgeare ferlearen twa partijen, mar hellen wol 17 earsten, ien mear as de oaren en hja woenen dêrtroch de earste priis. Amarins de Groot wûn mei maat Aluca Bouma Grou twa fan de trije partijen, werfan ek fan Jennie en har maat, mar foel bûten de prizen omdat hja mear tsjin earsten hienen as de twadde priiswinners De twadde priis wie foar Yvonne Eisma Tsjom en Andrea Kroes Gau.
Geplaatst op 10 May 2011